Frou fjochtet boete foar hússmoargens mei sukses oan

In opmerklike saak by de Ljouwerter rjochtbank moandeitemoarn. In frou út Ljouwert moast har dêr ferantwurdzje foar in boete dy't se hast fjouwer jier lien krigen hie foar it ferkeard bûten setten fan hússmoargens. De frou, Reneey Nachtegaal fan de Curacaostrjitte yn Ljouwert, krige de boete begjin febrewaris 2013. It gie om in bedrach fan 97 euro.
Frou Nachtegaal wie it der net mei iens en tekene beswier oan. Neffens har wie der gjin bewiis dat sy de pûde dêr delsetten hie. Dat bewiis koene ek de gemeentlike hânhavers net leverje.
Saak ferjierre
No fjouwer jier letter koe se har melde yn de rjochtbank yn Ljouwert. De offisier fan justysje luts dêr fuort it boetekleed oan: De saak wie ferjierre. Sa'n boete moat binnen trije jier behannele wurde en dat hie neffens de offisier ek hiel goed kind.
Boppedat, sa sei de offisier, wie der ek gjin bewiis. De gemeentlike kontroleurs hiene nea in boete útskriuwe mocht as se der net wis fan wienen dat de frou de pûde dêr sels delset hie.
Plysjerjochter Klaas Bunk koe dan ek net oars as it Iepenbier Ministearje 'Niet ontvankelijk' te ferklearjen. De saak is ôfdien en de boete mei it jiskefet yn.