Flugge oanjefte soarget foar rappe oanhâlding fan autodief

07 nov 2016 - 11:57
Foto: ANP

Mei help fan it kentekenregistraasjesysteem dat boppe de Ofslútdyk hinget, koe de plysje sneintenacht in autodief oppakke. De 33-jierrige Ljouwerter hie de auto fan in ynwenner fan Hurdegaryp stellen. Dy hie de auto mei draaiende motor by it treinstasjon yn Ljouwert delset en stie der sels neist.

De autodief wist yn de auto te stappen en naaide út. It slachtoffer die fuortendaliks oanjefte, wêrtroch de auto as stellen yn it systeem stie. Doe't dúdlik waard dat de auto oer de Ofslútdyk nei Noard-Hollân ried, koe de plysje de dief oanhâlde.

De man sit noch fêst, de auto giet werom nei de eigener.

(advertinsje)
(advertinsje)