PvdA: "Monasch luts him sels werom as kandidaat-listlûker"

07 nov 2016 - 10:45

Neffens de PvdA hat it Snitser Twadde Keamerlid Jacques Monasch him sels werom lutsen as kandidaat-listlûker. De advyskommisje fan de partij soe posityf west ha oer de kandidatuer fan Monasch. Mar om't hy mei oanfoljende easken kaam dêr't de partij net oan foldwaan woe, is Monasch sels opstapt.

Neffens de partij hat der sneintejûn noch oerlis west mei Monasch om him oer te heljen dochs mei te dwaan. De striid om it wa't de nije listlûker wurdt, giet no tusken Diederik Samsom en Lodewijk Asscher.

(Advertinsje)
(Advertinsje)