Gemeente: "Kom net nei ôfbaarnde garaazje yn Berltsum"

© Stefan Postema
De gemeente Menameradiel freget minsken om net yn de buert fan it sneintejûn ôfbaarnde garaazjebedriuw Jonkman te kommen. It terrein fan it bedriuw oan De Ofslach yn Berltsum is ôfset om't der by de brân asbest frijkaam.
Der wurdt no ûndersocht hoe grut de fersmoarging is. Oant der mear dúdlikheid is, kinne minsken neffens de gemeente better út de buert bliuwe. By de grutte brân gie de loads mei dêryn auto's hielendal ferlern. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.