Kunstmaand Ameland nimt maatregels om stellerij keunstwurken

07 nov 2016 - 10:22

De organisaasje fan de Kunstmaand Ameland hat maatregels naam nei de stellerij ferline wike. Keunstwurken binne fêstsetten en wurde befeilige mei ûnder oaren kamera's. Besikers wurdt frege harren tassen tenei by de suppoast achter te litten.

Noch foar de offisjele iepening ôfrûne sneon binne meardere objekten fan de eksposysje stellen. It giet om in grutte faas, tekstylwurken en in brûnzen byldsje. De wurken stienen rûnom op it eilân. De 20e edysje fan Kunstmaand Ameland duorret noch oant en mei 30 novimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)