PvdA wegeret Jacques Monasch as kandidaat-listlûker

Jacques Monasch © ANP
De PvdA akseptearret de kandidatuer fan Snitser Jacques Monasch foar it listlûkerskip fan de partij net. Dat meldt Monasch op syn Facebookside. Letter op de dei jout er in taljochting op dit beslút.
Fiif manlju hawwe har de ôfrûne wiken kandidaat steld. De bekendste gadingmakkers binne vice-premier Lodewijk Asscher en fraksjefoarsitter Diederik Samsom. Monasch waard beskôge as 'outsider'. De PvdA makket letter moandeitemoarn bekend hokker kandidaten stride meie om it listlûkerskip, mar no is dus al dúdlik dat Monasch dêr net bysit.
Muoisume relaasje
Monasch syn relaasje mei it PvdA-partijbestjoer is de lêste tiid muoisum. De Snitser hie earder fûle krityk op de proseduere by de listlûkersferkiezings. Ek easke Monasch de romte om, as er ta listlûker keazen wurdt, it programma fan de PvdA op in oantal plakken oan te passen.
Monasch hat op in oantal punten stânpunten dy't bot ôfwike fan de partijtop. Hy fynt dat Nederlân de stipe oan it assosjaasjeferdrach mei de Oekraïne ynlûke moat fanwegen de útslach fan it referindum earder dit jier.
Prinsipieel
It is in prinsipieel punt foar Monasch. As it kabinet trochgiet mei it ratifisearjen fan it Oekraïneferdrach yn striid mei de útslach fan it referindum, dan sil er syn stipe oan it kabinet Rutte/Asscher ynlûke.
Monasch pleitet ek foar it opdoeken fan it Europeesk Parlemint. It foech oer Europa moat werom nei de lidsteaten en Nederlân moat ek folle weromhâldender wurde as it giet om it talitten fan asylsikers en bûtenlânske wurknimmers.
Voicemail
Wa't Monasch op it stuit besiket te beljen krijt in voicemailberjocht te hearren wêryn't er in parsebyienkomst oankundiget foar moandeitemiddei 16 oere. Dan sil er bekend meitsje wat er no fan doel is.