Das oerlibbet oanriding by Aldeberkeap net

By in oanriding op de Aldeberkeaperwei tusken Sânhuzen en Aldeberkeap is sneintejûn in das deariden, wylst de autobestjoerder mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs moast. De auto rekke troch de oanriding mei it bist yn in slip en botste tsjin in beam.
De klap wie sa hurd dat it komplete motorblok út de auto slingere waard. De dyk waard fanwegen it oprêden fan it autowrak ôfsletten. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.