"Ljouwerter pasjinten UMCG mei stikkene boarstkasprotezes"

De haadyngong fan it UMCG yn Grins © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Twa Ljouwerter pasjinten fan it UMCG yn Grins soene problemen krigen hawwe mei harren boarstkasprotezes. Dat hat De Telegraaf snein melden. De krante skriuwt dat troch metaalwurgens de titanium pinnen fan de ymplantaten by in groep fan mei-inoar tolve pasjinten knapt binne en soarge ha foar ynwindige ferwûningen.
Yn it stik stiet dat de Lisanne de Groot (25) fan Ljouwert al fiif hersteloperaasjes ûndergien hat en no op de sechsde wachtet. Har stedsgenoat Ronald van der Meulen (20) kriget yn 2017 syn tredde boarstkasoperaasje.
Neffens it deiblêd hat it sikehûs de problemen mei de ymplantaten melden by de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch. Boppedat sil it de dupearre pasjinten begeliede by in juridyske proseduere tsjin de fabrikant.