UPDATE: Asbest frijkaam by brân garaazjebedriuw yn Berltsum

06 nov 2016 - 20:16

In útslaande brân hat sneintejûn it garaazjebedriuw Jonkman oan De Ofslach yn Berltsum yn 'e jiske lein. By de brân is asbest frijkaam, dêrom is it terrein ôfsletten foar ûndersyk. Ferskate ienheden fan de brânwacht en it grut wettertransport waarden om acht oere oproppen. De brânwacht skaalde al gau op nei grutte brân. Nei sa'n oardel oere wie de brân master, dêrnei is begûn mei it neiblussen.

De loads fan it bedriuw is ferlern gong en ek de auto's dy't der yn stiene. It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
brân Berltsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)