Mear dagjesminsken nei Skylge

16 maaie 2012 - 11:35

De gemeente Skylge ferwachtet dizze simmer ekstra drokte op it eilân. Troch de komst fan de Eigen Veerdienst Terschelling komt der nammentlik in nije groep: de dagjesminsken.

Neffens wethâlder Teun de Jong fan de gemeente Skylge hat yn de ôfrûne moanne bliken dien dat der mear minsken foar ien dei oer komme no't der al om healwei sânen in boat fart fanút Harns. Dat dy boat fan de EVT yn dizze earste moanne ek nochris fergees farde hat der foar soarge dat ek minsken dy oars hielendal net komme soene, de oerstek weagen.

De aksje mei de fergese oertocht fan de EVT is no foarby, mar de rest fan it jier kost it mar fiif euro. En ek dat sil ekstra minsken lûke de kommende moannen, sa tinkt de wethâlder.

Trefwurden: 
Skylge toerisme EVT
(advertinsje)
(advertinsje)