Follybalsters VC Snits winne mei oermacht fan Eurosped

06 nov 2016 - 18:15

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe snein mei oermacht wûn fan Eurosped. Yn Almelo waard it 3-0 foar de Snitser klup. De earste set waard ferrassend wûn troch VC Snits mei 29-27. Dy foarsprong joegen de froulju net mear út hannen, al seach it dêr yn it begjin fan de twadde set net nei út, troch in betide efterstân fan 5 punten. VC Snits kaam lykwols werom en pakte de setwinst yn 25-23. Ek de tredde set waard wûn yn 25-20.

Nije wike spilet VC Snits thús tsjin Alterno Apeldoorn.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(advertinsje)