Spiler VV Waskemar omkommen by auto-ûngelok

06 nov 2016 - 17:03

By in slim ûngelok yn Grins sneontejûn is in 35-jierrige spiler fan fuotbalferiening Waskemar om it libben kaam. Hy wie, neffens in berjocht op de site fan VV Waskemar, mei trije oare klupleden yn de auto op wei nei in benefytjûn fan VV Grins. Se botsten op de Plataanlaan yn Grins op in betonnen pylder. Ien ynsittende leit yn kritike tastân yn it sikehûs, twa oaren rekken licht ferwûne. By VV Waskemar binne se bot ferslein troch it nijs.

"Dit is een niet te omschrijven harde dreun voor de vereniging, veel leden en betrokkenen zijn naar de kantine gekomen. Het verdriet om het overlijden van Daniël Postema is met geen woorden te omschrijven en daarnaast leeft men hier tussen hoop en vrees over het lot van Marlon Brans. Onze gedachten gaan uit naar de familie van Daniel en Marlon", sa seit foarsitter Johan Keuning op de webside.

De kantine is snein en de kommende dagen iepene foar alle leden dy't stipe sykje wolle byinoar. Alle fuotbalaktiviteiten fan de feriening foar de kommende wike binne ôfsein.

(advertinsje)
(advertinsje)