FOTO: Wynhoas by Aldwâld

De wynhoas waard sjoen yn de omkriten fan Aldwâld © Hessel Klaver
Se komme wol faker foar yn dizze tiid fan it jier, mar it bliuwt fansels in spektakulêr gesicht. Hessel Klaver stjoerde ús fia Whatsapp dizze foto fan in wynhoas dy't yn de omkriten fan Aldwâld te sjen wie. Neffens waarman Piet Paulusma past dit by it hjerstige waarbyld fan no. It is dreech te foarsizzen oft en wêr't in wynhoas ûntstean kin. In betingst is dat de ferskillen yn fochtichheid en temperatuer tusken de lucht op de grûn en yn de loft hiel grut wêze moatte.