Freonedei by Omrop Fryslân

06 nov 2016 - 14:43

It gebou fan Omrop Fryslân wie snein it dekôr fan de Freonedei. Sa'n 330 Freonen fan Omrop Fryslân stapten der om en krigen rûnliedings oer de redaksje en yn de studio's. Der stie fan alles op it programma: speeddate mei makkers fan programma's of de direkteur, apparatuer besjen, op 'e hichte reitsje fan de ûntwikkelings op ynternet en ferhalen hearre oer de winter fan 1979.

"Ja, dat gie moai", sei in freon, dy't fan de autocue foarlies, krekt lykas de presintatoaren. "Mar ik trilje wol in bytsje, want ik wurd der wol wat senuweftich fan."

Der koene ek fragen steld wurde oan waarman Piet Paulusma. Fansels oer it waar en alles wat dêr mei te krijen hat. "Mar op de fraach oft der in Alvestêdetocht komt, jou ik gjin antwurd", sei Piet.

De dei waard ôfsletten mei it sjongen fan it Freoneliet.

De autocue: Groep 1

-  

 

De autocue: Groep 2

De autocue: Groep 2

-  

 

De autocue: Groep 3

De autocue: Groep 3

-  

(advertinsje)
(advertinsje)