Burgum en It Fean krije deibestegingssintrum foar autisme

Helpferliener helpt jonkje mei autisme © ANP
Der komme twa sintra mei deibesteging foar minsken mei autisme yn Burgum en op It Hearrenfean. Scauting Coaching & Detachering en Stichting Autismecampus Friesland tekenje kommende woansdei in yntinsjeferklearring. Beide projekten begjinne kommend jier. Tagelyk is dúdlik wurden dat de plannen foar sa'n sintrum yn in pleats yn Garyp foarearst net trochgean. Der is jierren oer praat. Neffens de inisjatyfnimmers duorret de proseduere te lang en binne de kosten te heech.
Garyp bliuwt wol yn byld as festigingsplak foar in wenfoarsjenning wer't minsken 24 oeren deis opfongen wurde kinne.