Wa wol helpe by bernefeestjes en temadagen by Aqua Zoo?

06 nov 2016 - 10:24
Foto: Aquazoo

Aqua Zoo Fryslân yn Ljouwert is op syk nei frijwilligers dy't rûnliedings jaan wolle troch it bistepark. De frijwilligers wurde ynset by it organisearjen fan bernefeestjes en temadagen yn it park. Se krije in fergeze oplieding fan trije moanne oanbean troch de stichting Wildlife. Dy set him sûnt koarten yn foar Aqua Zoo. Minsken dy't frijwilliger wurde wolle by Aqua Zoo, moatte in pear dagen yn de moanne beskikber wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)