Rekonstruksje fan deadlike oanriding Wâlddyk yn Dokkum

06 nov 2016 - 10:04
Foto: Kappers Media

Op fersyk fan it Iepenbier Ministearje is der sneintemoarn in rekonstruksje holden fan de oanriding dy't op 21 maart fan dit jier plakfûn op de Walddyk yn Dokkum. Dêrby kaam in man fan 80 jier om it libben. In 81-jierrige man is fertochte yn de saak. Hy soe mei syn auto op it slachtoffer ynriden wêze. It slachtoffer ferstoar oan syn ferwûnings, dy't er dêrby oprûn. Yn it ûndersyk binne meardere tsjûgen heard.

Needsaak fan rekonstruksje

Yn de sitting op 15 septimber dit jier hawwe it Iepenbier Ministearje en de advocaat fan de fertochte oanjûn dat se in rekonstruksje needsaaklik fine om de krekte tadracht fan it ûngelok goed yn byld te krijen. De tsjûgeferklearrings wurde meinaam yn de rekonstruksje om te besjen at se betrouber binne.

(advertinsje)
(advertinsje)