Sjitterij op de Weaze

Argyffoto De Weaze
De plysje is yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn aksje kaam nei't melding makke wie oer sjitterij op de Weaze yn Ljouwert. In tal minsken soe op strjitte besketten wêze.
Nei ûndersyk yn in pân oan de Nieuweweg waard in 33-jierrige man oanhâlden. Yn syn keamer waard in wynbuks, múnysje en in mes yn beslach naam. De Ljouwerter is ynsletten.