Iepenbiere ferljochting foar Alde Jirden yn Surhústerfean

06 nov 2016 - 08:14
In foarbyld fan LED-ferljochting - Foto: ANP

De Alde Jirden yn Surhústerfean hat nei jierren iepenbiere ferljochting. Pleatslik belang hat dêr jierren oer praat mei de gemeente Achtkarspelen en hat in grut diel sels betelle. Twa gefaarlike krusings mei fytspaden wurde tenei ferljochte. Dêrneist is lâns it fytspaad tusken it parkearterrein by de Aldi en de Zonneweide in oantal led-lampen pleatst, sadat it foar fytsers ek feiliger wurden is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)