Beide shorttrackploegen bemachtigje plak yn finale WB

06 nov 2016 - 08:07
Suzanne Schulting - Foto: awfoto.nl

Beide Nederlânske ôflossingsploegen shorttrack hawwe sneontenacht yn Calgary by de earste wrâldbekerwedstryd de finale berikt. De frouljusploech, mei dêryn Friezinne Suzanne Schulting en Yara van Kerkhof, Lara van Ruijven en Jorien ter Mors, gie lang oan kop.

De teams fan Italië en Grut-Brittannië lieten se úteinlik efter har. De froulju út Súd-Koreä bemachtigen it earste plak. Nederlân behelle úteinlik it twadde plak, mar sette wol in nij Nêderlânsk rekôr del. De froulju klokten mei 4.06.737. Dat is 2,5 sekonde hurder as de âlde toptiid.

Finale

De manljusploech mei Dennis Visser, Itzak de Laat, Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt naam it op tsjin de teams út Hongarije en Ruslân. Lang seagen se dy beide teams oan har foarby gean. Uteinlik wisten se de Russen oan de kant te setten en der in twadde plak fan te meitsjen. Snein stride de shorttrackers om de medaljes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)