Stroetinga pakt liederstrui yn klassemint KPN Maraton Cup

05 nov 2016 - 23:39

Reedrider Arjan Stroetinga fan Waskemar is sneontejûn twadde wurden by de tredde wedstriid om de KPN Maraton Cup yn Tilburg. Dêrmei hat Stroetinga de lieding yn it klassemint oernaam. Syn ploechmaat Evert Hoolwerf wûn de tredde maraton en Sjoerd den Hertog waard tredde. 

By de earste tsien wie der fierder noch in sechsde plak foar Bob de Vries fan De Haule en in achtste plak foar Jorrit Bergsma fan Aldeboarn.

Sven Kramer makke yn Tilburg syn maratondebút. Hy ried de 115 rûntsjes sûnder muoite en hie foaral in soad wille yn it riden, meldt schaatsen.nl.

By de froulju gong de winst foar de tredde kear op rige nei de Italiaanse Francesca Lollobrigida. Ald-Haulster Elma de Vries waard twadde. Fierder yn de top tsien wie der foar Aggie Walsma fan Boalsert in fyfde plak, Corina Strikwerda fan It Hearrenfean waard sechsde, Yvonne Nauta fan Twellingea sânde en Margo van de Merwe fan Wolvegea kaam as achtste oer de finish.

(Advertinsje)
(Advertinsje)