Himpkwekerij yn Tsjom

16 maaie 2012 - 10:24
Himp - Foto: ANP

De plysje hat tiisdei yn in hûs oan de Meester Vrijburgstrjitte yn Tsjom in lytse himpkwekerij oprôle. De 31-jierrige bewenner hie dêr 200 planten stean. Dy binne mei de apparatuer yn beslach naam en ferneatige.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar doe't der mei in doarwarder in besite brocht waard oan de man. Dy is meinaam nei it plysjeburo, mar yntusken wer frijlitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)