Roel Haverkort ferfangt sike wethâlder Nieske Ketelaar

05 nov 2016 - 22:05

PvdA Smellingerlân hat in ferfanger fûn foar de sike wethâlder Nieske Ketelaar. Riedslid Roel Haverkort sil har tydlik ferfange, sa makke de partij sneontejûn bekend. Haverkort hat as riedslid ûnder oare de portefúljes ekonomy en wurk en ynkommen. Syn plak yn de gemeenteried wurdt ynnommen troch Yneke Landheer.

Foarige moanne waard bekend dat wethâlder Ketelaar foar ûnbepaalde tiid mei sykteferlof gie.

(advertinsje)