Sjinkie Knegt rydt Nederlânsk rekôr op wrâldbeker shorttrack

Sjinkie Knegt - Foto: Martin de Jong

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat sneontejûn in nij Nederlânsk rekôr riden op de 1500 meter by de wrâldbeker yn Calgary. Mei in tiid fan 2.11.090 dûkte er yn de heale finale knap ûnder syn eigen toptiid, dy't op 2.12.186 stie. Knegt hat him dêrmei pleatst foar de finale op de 1500 meter, efter syn Israelyske teamgenoat Vladislav Bykanov.

Daan Breeuwsma waard sechsde yn de heale finale en krige straf foar in te krappe aksje.

By de froulju hat Suzanne Schulting fan De Tynje har pleatst foar de finale fan de 1500 meter.

05 nov 2016 - 21:44
(advertinsje)