Boppeslach foar Euphonia Wommels op ONHK 2016

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Foto: Binte Fokkema
It winnende stik Wind Sketches fan de komponist Philip Sparke, útfierd troch kristlike muzykferiening Euphonia Wommels û.l.f. Rolf Verbeek

Euphonia Wommels hat ûnder lieding fan Rolf Verbeek de kampioensbeker wûn fan de earste Open Nederlandse Harmonie Kampioenschappen dy 't hâlden waarden yn de Lawei Drachten. Se hiene ek nochris, tegearre mei De Bazuin fan Swol, it heechst oantal punten; mar leafst 87 fan de 100 punten. Twadde waard it Frysk Harmonie Orkest fan Drachten ûnder lieding fan Thijs Oud.

Yn de twadde difyzje waard Crescendo Drachten ûnder lieding fan Klaas van der Woude de kampioen. Twad waard Oud mei Concordia Balk.

Da Capo Ljouwert ûnder lieding fan Johannes Reijenga waard yn de tredde difyzje knap twadde. Yn de fjirde difyzje behelle Stedelijke Harmonie Dockum it twadde plak. Winners wiene yn dizze difyzjes respektyflik De Bazuin Swol en De Vriendenkring út Well (Limburch).

De komplete útslach fan de Open Nederlandse Harmonie Kampioenschappen is te finen op www.onhk.org.

05 nov 2016 - 21:16
(advertinsje)