Roemenen stelle tillefoans

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat op 'e Jouwer fjouwer Roemenen oanhâlden, dy't der fan fertocht wurde tiisdei mobile telefoans út winkels stellen te hawwen. Oan it begjin fan de moarn kaam der in melding fan in winkel oan de Nieuwdijk, krekt efkes letter die ek in winkel oan it Burgemeester Krijgerplein in melding.
Yn beide gefallen wie der in goeie omskriuwing fan de dieders, mar koene dy net direkt oanhâlden wurde. Dat slagge letter op 'e moarn wol, de auto fan de fjouwer waard doe sjoen yn it sintrum fan De Jouwer. De Roemenen koene dêr ek oppakt wurde.