Rekôrtal frijwilligers strûpt mouwen op foar Fryske lânskip

05 nov 2016 - 21:00

In rekôrtal fan 948 frijwilligers hat sneon oan it wurk west yn it Fryske lânskip, op de jierlikse Natuerwurkdei. Se gongen oan de slach op 24 lokaasjes, wêrûnder Dekemastate yn Jelsum, de Naturij yn Drachten en it Drents Friese Wold.

De Natuerwurkdei waard dit jier foar de 16e kear organisearre troch Lânskipsbehear Fryslân yn gearwurking mei It Fryske Gea en oare natuerorganisaasjes. De dei begûn mei it loslitten fan 260 skiep op de heide yn natuergebiet Schaopedobbe by Elslo.

It ûnderhâld oan beammen, hagen, hôven en houtwâlen is fan belang foar it beskermjen en behâlden fan natuer. De organisaasje is grutsk op it nije rekôrtal dielnimmers. "Wij willen iedereen bedanken die zich heeft ingezet om het landschap een opknapbeurt te geven", sa seit direkteur Regina ter Steege fan Lânskipsbehear Fryslân.

(advertinsje)