Maratonrydster Corina Dijkstra wint Regiotop yn Tilburg
Reedrydster Corina Dijkstra fan Nijeholtwâlde hat sneontejûn yn Tilburg de earste maraton fan dit seizoen yn de Regiotop wûn. Yn de massasprint liet se Demi van Benthem út Ens en Maya de Jong fan Haulerwyk efter har, dy't twadde en tredde waarden. De 20-jierrige Dijkstra ried al trije seizoenen yn de Regiotop, yn 2015 wûn se de finale, mar hat dêrnei lang lêst hân fan de sykte fan Pfeiffer. Yn Tilburg makke se dus mei sukses har comeback.
In fjirde plak wie der foar Hilde-Marije Dijkstra fan Aldetrine. Janinka van Weperen út Easterwâlde einige op it 13e plak en Annet Noppert fan Skarsterbrêge waard 21e.