Harkemase Boys pakt punt mei lyk spul yn Heemskerk

Harkemase Boys naam sneontemiddei in punt mei nei hûs yn it duel tsjin ODIN '59 yn Heemskerk. It waard 3-3 yn in spannende wedstriid wêrby't de Boys hieltyd tsjin in efterstân oanseagen, mar dochs wer lyk makken.
Yn de 7e minút makke ODIN al de 1-0, mar yn de 11e minút profitearre Ezra Schrijver fan in grutte fout yn de ferdigening fan ODIN en skeat de lykmakker yn it doel. De thúsploech krige mear kânsen en sette yn de 24ste minút de 2-1 op it skoareboerd.
In kertier foar rêst moast doelpuntemakker Schrijver mei in ankelblessuere it fjild ferlitte. Hy waard ferfongen troch Arton Musliu. De spilers fan ODIN hiene it oerwicht fan it spul, mar keeper Jansema fan Harkemase Boys wist foar te kommen dat de rêststân grutter waard dan de 2-1.
De twadde helte begûn goed foar de Boys, Robert Stelpstra makke yn de 48ste minút de 2-2. Dochs kaam ODIN yn de 71ste minút wer op foarsprong: 3-2. Dat duorre mar in minút, want Stelpstra skoarde de 3-3 en dat waard ek de einstân.