Auto op 'e kop yn sleat by Nijetrine

© De Vries Media
By in ûngelok op de Pieter Stuyvesantwei by Nijetrine is sneontemiddei in auto op de kop yn de sleat neist de dyk bedarre. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt troch noch ûnbekende oarsaak. Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de man ûndersocht. It is net dúdlik oft hy ferwûningen oan it ûngelok oerhâlden hat. De auto rekke swier skansearre.