Reedrydjeugd net te sprekken oer nij iis Thialf

Guon reedriders binne net tefreden oer it nije iis dat yn Thialf leit. Neffens jeugdige riders fan reedrydferiening STD út Sint-Nyk is it iis swier en sitte der skuorren en dûken yn. Sneon is de earste dei sûnt de fernijbou dat eltsenien wer wolkom is yn Thialf en yn de moarntiid wiene in protte reedrydferienings dan ek aktyf op it iis.
Nettsjinsteande it mindere iis binne de measte reedriders wol bot te sprekken oer it uterlik fan it fernijde Thialf. "It sjocht der der hiel moai en strak út", seit ien fan de reedriders oer de iishal.
Ald-reedrider Rintje Ritsma sette sneontemoarn ek de earste streken op it nije iis fan Thialf. Yn tsjinstelling ta de jeugd, is Rintje just tige posityf oer de kwaliteit fan de iisbaan.