Startsein Nasjonale Duorsume Huzerûte jûn yn Ljouwert

05 nov 2016 - 12:49

De fjirde edysje fan de Nasjonale Duorsume Huzerûte is sneontemoarn ôftrape yn Ljouwert. Op dizze dei kinne minsken op besite by húseigeners dy't duorsume maatregels naam ha yn harren huzen.

Yn Nederlân binne dêr mear as 300 eigeners dy't harren huzen iepensteld hawwe en yn Fryslân 60. Fanwegen de Fryske animo woe de organisaasje hjir it startsein jaan. Deputearre Michiel Schrier en wethâlder Isabelle Diks iepenen de dei by de famylje Vrieler yn de Polderstrjitte yn Ljouwert.

It wie der al gau frij drok mei belangstellenden foar de isolaasje- en besunigingsmaatregels. Ek nije wike sneon stean der duorsume huzen iepen foar besite

(Advertinsje)
(Advertinsje)