Auto rydt de sleat yn by De Pein
Op de Suderleijen yn De Pein is sneontemoarn even nei tsien oere in auto yn it wetter rekke. Ambulânsepersoniel hat de bestjoerder út de auto helle. Hy rekke net ferwûne.
Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. De plysje docht dêr ûndersyk nei.