Fryske Doarpetop úteinset yn Ljouwert

05 nov 2016 - 10:49

It is foar it earst yn de histoarje fan ús provinsje: De Fryske Doarpetop. Fan de 1000 Friezen dy't útnûge waarden, hawwe 640 harren oanmeld. Uteinlik wiene der 480 dielnimmers oanwêzich. Sy binne sneon yn it WTC yn Ljouwert mei-inoar yn petear oer de takomst fan it Fryske plattelân. Op de top wurde tema's bepraat dy't spylje yn de doarpen yn Fryslân, bygelyks leefberens, krimp, ferbining, iensumens en it ferdwinen fan lytse skoallen.

Top 10 tema's

De dielnimmers prate yn lytse groepkes fan fjouwer persoanen mei-inoar. Se krije in tal fragen mei, mar meie ek sels tema's oandrage. "Der wurde fan 'e moarn in oantal fragen steld oan de groepkes, bygelyks 'Wat mist der op it Fryske plattelân? Wat moat dêr gebeure?' en ek 'Wat kinst der sels oan dwaan?'", leit Dirkje Rodenhuis fan de organisaasje út.

Ut de petearen fan dizze groepkes komme de tema's dy't dan fan 'e middei plenêr bepraat wurde. By dizze grutte gearkomste fan alle dielnimmers moat ferfolgens in top 10 fan ûnderwerpen makke wurde. Dêr kinne de dielnimmers sels oer stimme. En mei dizze top 10 oan tema's giet de organisaasje dan oan de slach.

Polityk

It is nammentlik net de bedoeling dat it by allinnich praten bliuwt. De polityk soe de punten oppakke moatte dy't oandroegen wurde, sa fine de inisjatyfnimmers fan de doarpetop. Rodenhuis: "Wy hawwe 100 amtners útnûge om derby te wêzen. Ut alle gemeenten komme amtners, dus dy prate ek mei yn de groepen."

Mei de kombinaasje fan boargers, amtners en politisy is de organisaasje derfan oertsjûge dat de tema's dy't by de doarpetop oandroegen wurde ek echt oppakt wurde sille. "Absolút, dat tinke wy echt!", seit Rodenhuis entûsjast.

Trefwurden: 
Fryske Doarpetop Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)