Nij Smellinghe flink omleech yn AD sikehûs top 100

Nij Smellinghe yn Drachten
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is yn de sikehûs top 100 fan deiblêd AD sakke fan it 3e nei it 71e plak. Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean stiet lykas ferline jier op it 4e plak.
De twa oare Fryske sikehûzen diene it better yn fergeliking mei ferline jier. It MCL yn Ljouwert gie fan it 27e nei it 20e plak en it Antonius Sikehûs yn Snits gie omheech fan it 56e nei it 37e plak.
Op it earste plak stiet it Beatrixziekenhuis Rivas yn Gorinchem.