Foar 5 euro nei Skylge

16 maaie 2012 - 07:24

In oertocht nei Skylge kostet oant de ein fan it jier mar fiif euro. Juster sette de Eigen Veerdienst Terschelling foar it lêst gasten fergees oer en fannacht 12 oere waard it nije taryf bekind makke.

In moanne lang sette de EVT gasten fergees oer, der waard allinne ferplicht 1 euro toeristebelêsting frege. It stunttaryf wie in grut sukses: yn in moanne tiid binne sa'n 10.000 minsken oerset, wêrmei't de fearboat gemiddeldwei foar goed 85 persint fol siet.

Trefwurden: 
Skylge fearboat
(advertinsje)
(advertinsje)