Fryske shorttrackers begjinne goed oan nij wrâldbekerseizoen

05 nov 2016 - 08:26
Sjinkie Knegt - Foto: Martin de Jong

De Fryske shorttrackers binne goed begûn oan it nije shorttrackseizoen dat dit wykein úteinset is yn it Kanadeeske Calgary. Sjinkie Knegt makke freed syn ynternasjonale rentree, nei in swiere fal yn febrewaris. De Bantegeaster pleatste him foar de finalerondes op de 500 en de 1.500 meter, al gie dat op de 1.500 meter mei muoite. De finalerondes wurde sneon en snein riden.

Schulting mei gemak fierder

Ek Suzanne Schulting fan De Tynje is troch de kwalifikaasje hinne kaam. De nûmer fiif fan it ôfrûne wrâldkampioenskip wûn har races op de 1.000 en de 1.500 meter en rydt sneon en snein har finalerondes.

Daan Breeuwsma (1.000 en 1.500 meter), Dennis Visser (1.000 meter), Itzhak de Laat (500 en 1.000 meter) en Rianne de Vries (500 en 1.500 meter) pleatsten har ek foar de folgjende ronde. Leon Bloemhof fan Sint-Jabik kaam net troch de kwalifikaasje op de 500 en de 1.500 meter. Yn totaal ride der sân Friezen by de wrâldbeker yn Calgary.

Rekôr relayploech

De Nederlânske frouljusôflossingsploech, mei dêryn ek Suzanne Schulting, ried in nij Nederlânsk rekôr en helle dêrmei de heale finale. De manljuploech, mei Knegt, Breeuwsma en Visser, pleatste him ek foar de heale finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)