Streppel: "Verdiende nederlaag, maar wel onnodig"

04 nov 2016 - 23:31

Trainer Jurgen Streppel fan Sportklup Hearrenfean baalt dat syn klup der freed net yn slagge is om yn Rotterdam te winnen fan Sparta. "We hadden een geweldig begin, maar dan vergeten we een keertje om met onze man mee te lopen en dan ligt de bal bij de tegenstander. Dat is helaas ook voetbal."

Neffens Streppel hat Hearrenfean terjochte ferlern, mar wie de nederlaach eins net nedich. "We hebben drie, vier hele grote mogelijkheden gehad in het begin van de tweede helft om deze wedstrijd weer in evenwicht te brengen en dat lukte helaas niet."

Streppel giet troch: "Door een persoonlijke fout wordt het dan uiteindelijk 3-1 en dan wordt het helemaal lastig, maar we hebben alles geprobeerd."

Flater fan Mulder

Mei de persoanlike flater doelt Streppel op keeper Erwin Mulder dy't it tredde doelpunt fan Sparta net keare koe, om't de bal troch syn fuotten trochglipte. Mulder wol der sels net tefolle wurden smoarch oan meitsje. "Het is gebeurd en we hebben allemaal gezien wat er gebeurd is. En dan moet je verder en het achter je neerleggen."

De Feanster fuotbalklup skoarde dan wol yn de achtste minút it earste doelpunt, dochs wie Mulder der doe net fan oertsjûge dat it in 'makkie' wurde soe. "Ik wist dat zij in de counter wel gevaarlijk konden zijn en dat hebben ze vandaag bewezen. Dat hebben ze goed gedaan."

Soer

SC Hearrenfean wûn de lêste acht wedstriden, mar diskear dus yn de bus sûnder in laits. "Het komt wel hard aan. We wilden deze wedstrijd voor de interland break graag winnen. Er komen straks loodzware wedstrijden aan en dan moet je als SC Heerenveen deze wedstrijd tegen Sparta eigenlijk gewoon winnen en dan is het heel zuur als dat niet lukt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)