Soad belangstelling CDA debat

15 maaie 2012 - 23:33

Fryske CDA-ers binne massaal ôfkommen op it listlûkersdebat fan de partij yn Ljouwert. Ungefear 500 CDA-leden folgen it debat tusken fiif fan de seis kandidaatlistlûkers. Allinne Van Haersma Buma wie ôfwêzich, omdat er as fraksjefoarsitter fan it CDA ferplichtings yn Den Haach hie.

It debat waard úteinlik ôfmakke mei fjouwer kandidaatlistlûkers, om't Henk Bleker earder fuort moast fanwege in optreden yn it tillevyzjeprogramma Knevel en Van den Brink. De kandidaten giene benammen yn debat oer lanlike en Europeeske tema's.

(advertinsje)
(advertinsje)