Fermiste Koatstertiller werom

15 maaie 2012 - 23:17

De fermiste Jelle Merkus fan Koatstertille is wer werom fûn. De 41-jierrige man waard ferline wike yn Dútslân wer werom fûn.

Merkus waard sûnt ein april fermist. Hy wie it lêst sjoen by in kapper en is dêrnei fuortriden yn in auto dy't er liende fan syn mem. De oprop fan de plysje leveren amper tips op. Op 10 maaie seach in tsjûge him rinnen yn de dielsteat Rijnland-Palts. Merkus is werom fûn yn in bosk sûnder jild en iten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)