Geart Tigchelaar nimt Obe Postmapriis yn ûntfangst

It giet goed mei de oersettingen yn it Frysk. Der wurdt in soad oerset, ek troch jongere oersetters, en de belangstelling foar it oersetten nimt ek ta. Dat sei direkteur Bert Looper fan Tresoar freed by de útrikking fan de tsiende Obe Postmapriis foar de bêste oersetting yn it Frysk. Dy priis gie nei de 29-jierrige skriuwer en oersetter Geart Tigchelaar foar syn ferfrysking fan 'Erik of it lyts ynsekteboek' fan Godfried Bomans.
Tigchelaar hie in soad konkurrinsje. Omdat de Obe Postmapriis mar ien kear yn de fjouwer jier útrikt wurdt moast de sjuery ûnder lieding fan foarsitter Erica Bergema in grutte steapel fan mear as hûndert oersettings trochwrakselje.
Bergema priizge yn har wurd ek de hege kwaliteit fan de oersettingen yn it nije Lieteboek foar de tsjerken. Dat boek kaam lykwols net yn de beneaming foar de priis, omdat in grut ferskaat oan oersetters hjir in bydrage oan levere hat. De Obe Postmapriis bestiet út in oarkonde en in jildbedrach fan twatûzen euro. De belangstelling foar de útrikking fan de tsiende Obe Postmapriis wie grut.