SC Hearrenfean striidt, mar ferliest mei 3-1 fan Sparta

04 nov 2016 - 22:00

Sportklup Hearrenfean is der freedtejûn yn Rotterdam net yn slagge om te winnen fan Sparta. De Friezen ferlearen mei 3-1. Fuort yn de earste helte foelen trije doelpunten. Jeremiah St. Juste soarge yn de njoggende minút foar it earste doelpunt foar de Friezen. Justjes letter yn de 15e minút makke Stijn Spierings fan Sparta dêr 1-1 fan. Fjouwer minuten letter op de klok soarge Zakaria El Azzouzi foar in 2-1 foarsprong foar Sparta. Hoewol't de Fryske klup it measte balbesit hie, waard dat úteinlik net omset yn doelpunten.

Yn de twadde helte, yn de 69ste minút, foel noch in fjirde goal. Opnij foar de thúsklup, makke troch Craig Goodwin út in frije traap. Hearrenfean keeper Erwin Mulder liet de bal troch syn skonken slûpe. Yn de lêste minuten leinen der ferskate kânsen foar de Rotterdammers, mar se makken it net ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)