Einliks sit it Cambuur in kear mei: 2-1 tsjin Volendam

04 nov 2016 - 21:53

Cambuur hat freedtejûn yn eigen hûs mei 2-1 wûn fan Volendam. Yn de alderlêste minút makke Martijn Barto it winnende doelpunt.

Yn de 16de minút sette Kevin van Kippersluis de stân op 1-0 foar Volendam. Fuort dêrnei sette Cambuur druk, mar fjouwer corners yn de earste helte smieten neat op.

It gie allegearre bêst, oant yn it sechtjinmetergebiet, sei ferslachjouwer Geert van Tuinen. Cambuur hie fierwei it measte balbesit, mar koe der net trochhinne komme. Ek Robbert Schilder koe in frije traap yn de lêste minút fan de earste helte net achter de keeper krije.

De twadde helte begûn sûnder grutte kânsen. Nei mear as in oere spyljen waard it wer spannend yn it penaltygebiet fan Volendam. Yn de 72ste minút makke ynfaller Sander van der Streek de lykmakker. Hy stie noch gjin fiif minuten op it fjild, en roste de bal fan in meter as 18 fia de latte yn de krusing.

"In echte Van de Streek, dizze goal", sei ferslachjouwer Geert van Tuinen, "en absolút fertsjinne". Alle 7250 taskôgers yn it Cambuurstadion seagen dat Volendamkeeper Hobie Verhulst folslein kânsleas wie.

Yn de slotfaze fan de wedstriid gong Cambuur fierder op jacht nei de winst. Dat slagge, djip yn blessueretiid makke Martijn Barto it winnende doelpunt. Fuortendaliks dêrnei klonk it lêste fluitsinjaal. Einstân: 2-1.

(Advertinsje)
(Advertinsje)