Swimster Marrit Steenbergen pleatst har foar WK koartebaan

04 nov 2016 - 21:48
Marrit Steenbergen yn aksje - Foto: ANP

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat har op it ONK yn Hoofddorp pleatst foar it WK koartebaan. De 16-jierrige Steenbergen waard Nederlânsk kampioene op de 200 meter frije slach. Mei har winnende tiid (1.56.32) bleau se hast in kwart sekonde ûnder de spesjale limyt foar talinten. Ferline jier pakte se op it EK koartebaan al brûns op de 100 meter wikselslach. It WK wurdt yn desimber hâlden yn it Kanadeeske Windsor.

Kinge Zandringa fan Ljouwert waard tredde op de 100 meter flinterslach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)