Pake en beppe 'efkes werom' mei Virtual Realitybril

05 nov 2016 - 12:00

De jonge ûndernimmers Fokko van der Woude en Anton Knippers sille takom wike nei Australië mei in nij spesjaal ûntwikkele Virtual Reality programma foar emigrearre âlderein. Se wolle dermei âlderein, faak mei deminsje, noch in kear mei weromnimme nei Fryslân. Yn it Virtual Reality programma binne ferskate plakken yn Fryslân te sjen mei dêrby muzyk út harren tiid. De âlderein krijt in Virtual Reality Bril op en binne sa wer werom yn harren âlde wenplak.

Van der Woude en Anton Knippers hawwe al Virtual Reality-programma's makke foar de Clini Clowns. Doe hawwe se foar de beppe fan Van der Woude in progamma makke mei allegear foar har bekende plakken yn Fryslân. Frou Van der Woude kaam doe mei it idee om it ek oan oare minsken sjen te litten, bygelyks minsken dy't net mear nei it âlde wenplak werom komme kinne. Dêrnei ûntstie it idee om Fryske âlderein yn Australië op te sykjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)