Maritime Akademy nimt simulator foar binnenfeart yn gebrûk

04 nov 2016 - 20:30

De Maritime Akademy yn Harns beskikt sûnt freed oer de meast moderne binnenfeartsimulator fan 'e wrâld. De saneamde Full Mission simulator jout studenten de kâns om yn ûnfeilige sitewaasjes te oefenjen. Nei in ûntwikkelingsperioade fan trije jier is de simulator no klear foar gebrûk troch studinten en foar bedriuwstrainings en oerheidsopdrachten. Deputearre Schrier naam de simulator freed offisjeel yn gebrûk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)