Hegere toeristebelesting foar in nachtsje Súdwest-Fryslân

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De toeristebelesting yn Súdwest-Fryslân giet omheech wat it CDA yn de gemeente oanbelanget. Dy stelt foar om 1,25 euro yn stee fan 1 euro de nacht betelje te litten. De taks soe dan de kommende fiif jier net wer ferhege wurde moatte. Freed waard bekend dat it tal toeristen dat Súdwest-Fryslân dit jier oandien hat mei 11 persint omheech gien is. Mear ynkomsten dus, dochs fynt CDA-fraksjefoarsitter Hans Hettinga in ferheging rjochtfeardige. Benammen om't it goed is foar de sektor sels: de helte fan it bedrach mei brûkt wurde foar promoasje.