BFVW: "Sinten genôch om de greidefûgels te rêden"

04 nov 2016 - 16:56

Der is jild genôch om de greidefûgels te rêden, mar de hjoeddeistige oanpak is net genôch, seit it BFVW. De polityk moat trochpakke en boeren oplizze dat sy sûnder fergoeding in part fan harren lân ynsette foar greidefûgelbeskerming, seit BFVW-foarsitter Rendert Algra. Hy reagearret dêrmei op steatssekretaris Martijn van Dam dy't dizze wike op in rychje setten hat wat it ryk dwaan wol foar de greidefûgels. De provinsje fynt lykwols dat der noch te min stipe is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)