Mear romte foar frachtferkear troch nije brêge oer PM-kanaal

04 nov 2016 - 16:28
Jan Doornbos (provinsje Fryslân), wethâlder Houkje Rypstra en Okke van Brandwijk (RWS) iepenje de nije brêge - Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

De nije brêge oer it Prinses Margrietkanaal is freedtemiddei yn Burgum offisjeel iepensteld foar it ferkear. De nije brêge is flink heger as de âlde. De trochfeartbreedte foar skippen is fan 17 nei 22 meter gien. De krappe bocht yn it PM-kanaal is earder al oanpast en yn gebrûk naam. Troch dizze oanpassings krije skippen mear romte foar de brêge en kinne se feiliger troch de brêge farre.

De brêge yn Burgum sil tenei op ôfstân betsjinne wurde út Skûlenboarch wei. De ôfstânsbetsjinning kin lykwols pas oanbrocht wurde as de âlde brêge sloopt is.

Wurksumheden

Nei alle gedachten is dit takom jier maart allegear klear. It slopen fan de âlde brêge begjint op 7 novimber. It sân wat dêrby frijkomt, wurdt brûkt yn it nije park fan Burgum. De brêge fan Burgum hat nei it iepenstellen fan de Sintrale As in oare funksje krigen. Allinnich it lokale auto- en fytsferkear hoecht oer de brêge. Trochgeand ferkear giet troch it akwadukt oan de westkant fan it doarp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)