Militêren krije draachynsinje foar Nobelpriis foar de frede

04 nov 2016 - 16:18

Yn Snits hawwe freedtemiddei 19 feteranen it draachynsinje krigen dat heart by de Nobelpriis foar de frede foar VN-militêren. Sy krigen de ûnderskieding yn de Martinitsjerke yn Snits, út hannen fan boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân.

Yn 1988 waard de Nobelpriis foar de frede takend oan trettjin VN-fredesoperaasjes. Nederlân hat oan acht fan dy fredesmissys meidien, bygelyks yn Libanon, Egypte, Kongo en Libanon.

Ferline jier hat de minister fan definsje bepaald dat de militêren dy't by de operaasjes belutsen wiene, dêr in draachynsinje foar krije kinne. Mei-elkoar binne der yn Nederlân sa'n 9000 militêren dy't dêrfoar yn de beneaming komme.

(advertinsje)
(advertinsje)